Ga naar de inhoud

GURBE 70!! yn de Trije Doarpen

No, eindelik is it dan allegear eins wol sa goed as rûn, der komt in twadde teater-lietsjesprogramma!!
Nei ‘TePlak’, dat troch in corona-ûnderbrekking, earst foarich jier dien makke wurde koe, sil ik begjin takom jier mei it programma ’70!!’ op ’n paad.
De titel slacht op it feit dat ik yn febrewaris 2024 yndie 70 jier wurdt en dat eins mei myn publyk fiere wol. Jimme binne dan te gast op myn jierdeisfeestje.

It wurdt in jûn mei moaie en sterke ferhalen en anekdoates en fansels in protte muzyk.
‘Greatest hits’, foar safier at je dêr yn myn gefal fan sprekke kinne, mar yn alle gefallen dus wol bekend en wat âlder repertoire mar ek in stikmannich gloednije lietsjes. ’70!!’ op in protte plakken yn de provinsje te sjen. Fansels ek yn de Trije Doarpen en wol op 26 jannewaris 2024. Jimme kinne al kaartsjes reserfeare.

Wa wit sjoch ik jimme op myn jierdeisfeestje yn de Trije Doarpen.

Gurbe 70!!
Gurbe 70!!